Gersmatte lein by Aldehou

13 sep 2013 - 12:28
  • De gersmatte wurdt lein by de Aldehou
  • Sa sjocht it derút fanôf de Aldehou

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert wurdt freed noch hurd wurke om in keatsfjild fan gers oan te lizzen. Moarn wurdt de 100ste Aldehoupartij keatst. Omdat it de 100ste edysje is, hat de Ljouwerter keatsferiening LKC Sonnenborgh betocht om de jubileumpartij ûnder de Aldehou te hâlden. Der wurdt no spesjaal in gersmatte dellein. Earder dizze wike is al 400 kúb sân op it plein stoarten. Ek is drainaazje oanlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)