Gerskarpers yn Hurdegaryp

14 nov 2010 - 12:43

De gemeente Tytsjerksteradiel eksperimintearret mei de ynset fan gerskarpers yn Hurdegaryp. By it Súd sit in soad wetter dat eltse simmer tichtgroeit. Bern kinne der bygelyks net fiskje. Fan de kant ôf is it hast net skjin te meitsjen en de ynset fan in boatsje kostet in soad jild.

Dêrom is hjir koartlyn 60 kilo gerskarpers útset. Dy frette in soad grien op en dat moat it wetter skjin hâlde. Der binne ek minsken dy't graach op dizze gerskarpers fiskje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)