Gersdroegerij Harich stillein

11 maaie 2006 - 11:16

Der wurdt nea wer gers droege yn Harich. De gersdroegerij is woansdei per direkt stillein. In lêste rêdingspoging troch seis boeren is tiisdei op neat útrûn.

Hast alle dielnimmende boeren stimden yn mei sluting, omdat it net goed giet mei de droegerij. Der is te min oanfier fan gers en de enerzjykosten wurde te heech. Der is 66 jier gers droege yn Harich. Foar de sân meiwurkers is ûntslach oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)