Gersbaanracer Jannick de Jong fjirde yn Vechta

13 sep 2015 - 11:02
  • Jannick de Jong

Gersbaanracer Jannick de Jong is sneontejûn fjirde wurden by de tredde WK langbaanwedstriid yn it Dútske Vechta. De Fries einige yn de earste searje as fjirde, en wûn de twadde en de tredde searje. Yn de lêste twa searjes helle er in twadde plak. De finale koe net trochgean fanwege de rein. Sadwaande waard de tuskenstân ek de einútslach.

De Dútser Michael Härtel wie yn eigen lân de bêste. Theo Pijper einige as fyfde. By Dirk Fabriek woe it allegear net. Hy waard teloarstellend 15e.

Takom wykein is yn it Frânske Morizes de lêste WK langbaanwedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)