Gerritsen pakt tredde titel

01 nov 2009 - 14:03
  • Annette Gerritsen (foto: Martin de Jong)

Reedrydster Annette Gerritsen hat snein by de NK ôfstannen har tredde titel pakt. Nei de 500 en 1000 meter wie Gerritsen fan it team fan coach Jac Orie ek de rapste op de 1500 meter. Sy wûn de 1500 meter op Thialf yn in tiid fan 1.58,69.

Ireen Wüst waard twadde 1.58,93. Diane Valkenburg 1.59,29 pakte it brûns yn 1.59,29. De twa oare startbewizen foar de earste searje WB-wedstriden op de 1500 meter gongen nei Margot Boer en Natasja Bruintjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)