Gerrit Ybema (66) ferstoarn

Gerrit Ybema

Ald-steatssiktaris Gerrit Ybema is woansdei ferstoarn. Hy wie al in skoft slim siik. Ybema wie tusken 1998 en 2002 steatssiktaris fan ekonomyske saken yn it twadde kabinet Kok. Hy wie fan de oprjochting ôf lid fan D66 en kaam yn 1986 foar dy partij yn de gemeenteried fan Ljouwert.

Ybema makke de oerstap nei de lanlike polityk yn 1989, doe't er yn de Twadde Keamer kaam. Krap tsien jier letter waard er lid fan it twadde Pearse Kabinet, as steatssiktaris fan ekonomyske saken.

Ybema hie ûnder oare bûtenlânske hannel en ynternasjonale ekonomyske betrekkingen yn syn portefûlje. It kabinet-Kok foel yn 2002 oer de kwestje Srebrenica. It betsjutte ek de ein fan Ybema syn politike karriêre. Hy rjochte dêrnei syn eigen ekonomysk advysburo op en hie tal fan njonkenfunksjes. Sa siet er yn ferskate bestjoersorganen, lykas de ried fan tafersjoch fan soarchgroep Noorderbreedte en de ried fan kommissarissen fan NUON. By Omrop Fryslân presentearre er in skoft in ekonomysk programma. Ein 2009 waard by Ybema kanker ûntdutsen. Gerrit Ybema is 66 jier wurden.

Partijgenoat Hayo Apotheker oer it ferstjerren fan Gerrit Ybema

Besjoch ek...

14 mei 2012 - 16:41
27 apr 2012 - 18:27
26 apr 2012 - 23:19
23 mrt 2012 - 18:17
22 feb 2012 - 17:37

(advertinsje)

See video

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Wa't in Facebook-account hat, moat net seure oer privacy
Iens, tsjinwurdich wurdt werklik alles dield. Gjin wûnder dat advertearders dêr ynteresse yn hawwe
42%
Ûniens, dat ik sels in Facebook-account ha wol net sizze dat myn gegevens as hannelswaar brûkt wurde meie
36%
Wit net, ik sit net op Facebook
21%
Totaal tal stimmen: 113

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl