Gerrit Kramer wint Slachte

12 jun 2004 - 00:00

Gerrit Kramer fan Boalsert hat sneon de hurddraverswedstriid fan de Slachtemaraton wûn. It is de twadde kear dat er wint. Syn eintiid fan 2.29,00 is in parkoersrekord. Foarige kear rûn er de 42 kilometer yn in tiid fan 2.30,30.

Kramer rûn lange tiid op kop. Hy waard folge troch de rinners Saher Youssef fan It Hearrenfean (2.35,04), Herman Hofstee fan Drachten (2.38,24) en Benjamin Kok fan Jistrum (2.39,03).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)