Gerrit de Jong docht ûndersyk nei Ljouwerter fakulteit RUG

16 jun 2015 - 17:30

De provinsje hat Gerrit de Jong de opdracht jûn om ûndersyk te dwaan nei de helberens fan de festiging fan in fakulteit fan de Universteit fan Grins, de RUG, yn Ljouwert. De Jong is âld-Twadde Keamerlid foar it CDA en ek âld-lid fan de rekkenkeamer. It rapport sil nei ferwachting yn augustus klear wêze.

It kolleezje hopet dan op basis fan de útkomsten in beslút te nimmen oer de festiging en it beskikber stellen fan jild foar de alfde fakulteit fan de RUG yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)