Gerrit Bennerpriis nei Peeter

14 okt 2009 - 10:09

Keunstner Zoltin Peeter fan Hallum krijt de Gerrit Bennerpriis. Peeter ferwurket it lânskip dêr't er trochhinne reizget yn bylden en tekeningen. De sjuery priizget hoe't er besiket de krêften fan de natuer yn keunst te fetsjen.

Neist in oarkonde bestiet de priis út 4000 euro. De twajierlike keunstpriis fan de provinsje wurdt 13 febrewaris útrikt troch deputearre De Vries yn it Frysk Museum. Der wurdt ek in útstalling fan syn wurk iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)