Gerrie wiis mei Fryske stimmen

02 des 2013 - 16:05
  • Gerrie Dantuma

'It jout in geweldich gefoel dat safolle minsken foar my stimme', dat is de reaksje fan Gerrie Dantuma fan Stiens. Ofrûne freed berikte de 29-jierrige sjongeres de folgjende ronde fan it televyzjeprogramma 'The Voice of Holland'. Se krige fan Team-Borsato de measte stimmen fan it publyk. Ta grutte fernuvering fan Gerrie sels, sa sei se moandeitemiddei yn it radioprgramma Noardewyn: 'Julia is toch wol de favoryt fan ús team en ik de underdog sis mar'.

Gerrie song yn har twadde live show it nûmer 'That Power' en pleatste har sa streekrjocht foar de show fan oankommende freed. Har coach Marco Borsato neamde it grutte oantal stimmen 'it Fryslân-effekt'. Yn it ôfrûne seizoen fan The Voice helle ek Johannes Rypma in soad stimmen binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)