Gerrie troch nei liveshow TVOH

25 okt 2013 - 21:39
  • Gerrie Dantuma út The Voice Of Holland

De 29-jierrige Gerrie Dantuma fan Stiens is troch nei de liveshows fan it populêre televyzjeprogramma ‘The Voice Of Holland’. De sjongeres moast it yn 'e útstjoering fan freed yn in rjochtstreeks duel opnimme tsjin Lisan Bekhuis út de Achterhoek. De froulju út it team fan Marco Borsato songen in miks fan 'Çrazy in love’ fan Beyonce en ‘Crazy’ fan Gnarls Barkley. Beide sjongeressen wiene bot oanmekoar weage, mar úteinlik keas coach Marco dochs foar Gerrie. En dat betsjut dat se meigiet nei de liveshows.

Gerrie Dantuma die ferline jier ek al mei, mar ferlear doe de battle fan de lettere winneres Leona Philippo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)