Gerrie opnij yn The Voice

27 sep 2013 - 14:36
  • Gerrie Dantuma út The Voice Of Holland

Gerrie Dantuma fan Stiens docht wer mei oan it populêre televyzjetalinteshow The Voice of Holland op RTL4. De saneamde 'blind audition' fan de 29-jierrige sjongeres wurdt freedtejûn útstjoerd. Ferline jier die se ek al mei. Se smiet doe hege eagen mei har útfiering fan it nûmer 'Grenade' fan Bruno Mars. Gerrie ferlear doe yn it streekrjochte duel tsjin de úteinlike winneres fan it programma, Leona Philippo. Dit jier besiket de Fryske sjongeres it opnij.

De Friezen dogge it hieltyd bêst yn de talinteshow.

Yn it earste seizoen skopte Anne Hoogendoorn fan Goaiïngea it oant de live-shows. Iris Kroes fan Drachten wist de twadde edysje te winnen en yn it ôfrûne seizoen waard Johannes Rypma fan Aldegea twadde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)