Gerrie fierder yn TVOH

22 nov 2013 - 23:15
  • Gerrie Dantuma

Gerrie Dantuma is troch yn it RTL4-programma 'The Voice of Holland'. De 29-jierrige sjongeres út Stiens song freedtejûn yn har earste liveshow it nûmer 'The way you make me feel' fan Michael Jackson en die dat flaterfrij.

Dochs krige har konkurrint en grutte favoryt yn Team-Borsato, Julia van der Toorn, de measte stimmen fan it Nederlânske publyk en gie fuortendaliks troch. Dêrnei mocht coach Marco Borsato noch ien fan de oerbleaune trije talinten útkieze om mei te nimmen nei de liveshow fan nije wike. En hy keas úteinlik dochs foar Gerrie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)