Gerrie Dantuma is ambassadeur

25 aug 2014 - 15:02
  • Gerrie Dantuma by de High five-aksje fan Beautiful Gate

Sjongeres Gerrie Dantuma is ambassadeur wurden fan Beautiful Gate. Beautiful Gate is oprjochte troch it Westereender echtpear Toby en Aukje Brouwer en set him yn foar kânsearme bern en gesinnen yn ferskate Afrikaanske lannen. De organisaasje bestiet 20 jier. Gerrie Dantuma fan Stiens is bekend as finalist fan it televyzjeprogramma 'The Voice of Holland'.

Yn dit jubileumjier sil de sjongeres har ynsette foar de kampanje 'Geef ze een High FIVE'. Beautiful Gate siket tûzen donateurs dy't alle moannen fiif euro jaan wolle.

Beautiful Gate is aktyf yn Súd-Afrika, Lesoto en Sambia. Ofrûne wykein wie der yn Kollumersweach in spesjale jubileumbyienkomst. Der sille dit jier noch mear aksjes hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)