Germ v.d. Burg wint yn Swolle

01 mrt 2008 - 17:22
  • Winner Germ van der Burg

Germ van der Burg fan Nijlân hat sneon de 48ste edysje fan de Ster van Zwolle wûn. Yn de finale fan dizze iepenings- klassiker mei hurde wyn oer goed 170 kilometer makke hy de sprong nei in kopgroepke fan trije man. Dêrnei wie in flitsende demarraazje genôch.

Arnoud van Groen kaam tolve tellen letter oer de einstreek, Fulco van Gulik waard tredde. Lieuwe Westra fan Mûnein, ek de hiele koers foaryn te finen, waard achtste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)