Germ v.d. Burg wint yn Burdaard

13 aug 2006 - 17:43

Germ van der Burg fan Folsgeare wûn sneontejûn it kritearium fan Burdaard. Mei noch seis ronden te gean, demarearre hy út in kopgroep fan fjouwer man. Van der Burg koe syn foarsprong stadich útbouwe en kaam úteinlik solo oer de meet.

Ek ferline jier wûn Van der Burg al yn Burdaard. Nathan Lootsma fan Ljouwert waard twad, Christoph Haxem út Dútslân tred. Jan Hendrik Westra fan Oerterp waard fjird.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)