Germ v.d. Burg twadde yn tiidrit

06 jul 2003 - 00:00

Germ van der Burg fan Folsgeare waard sneontejûn yn de tiidrit fan de ronde fan Midden-Brabân twadde. De oerwinning nei 6,2 kilometer wie foar de Australiër Russel van Hout.

Van der Burg, yn de earste etappe njoggende, hie in efterstân fan njoggen tellen op winner Van Hout. Yn it algemien klassemint is Russel van Hout ek de lieder. Germ van der Burg is op tsien tellen de nûmer fjouwer. Snein is de lêste etappe oer 182,5 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)