Germ van der Burg wint Eelde

26 aug 2007 - 20:46

Germ van der Burg hat snein de Ronde fan Eelde wûn. De hurdfytser út Nijlân siet lang yn in kopgroep fan acht man. Mei noch trije rûntsjes te gean waard de slach slein. Allinne Jan Bos fan Nijhoarne koe noch oanslute by Van der Burg, mar moast yn de einsprint nei 80 kilometer belies jaan. Henk Tissingh waard tredde, Jan Albert Krans fjirde.

Foar Germ van der Burg wie it de fjirde oerwinning fan it seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)