Germ van der Burg twadde

14 jul 2007 - 22:29

Germ van der Burg waard sneontejûn twadde yn it sterk besette kritearium fan Noarch. It grutste part fan de 90 kilometer siet de hurdfytser fan Nijlân yn in fiif man sterke kopgroep. Yn de finale waard dy kopgroep útwreide ta njoggen man.

Mei noch fjouwer kilometer te gean naaiden fjouwer man út. Yn de einsprint wie Arne Hassink fan Zieuwent krekt de rapste. Malaya van Ruitenbeek (Delft) waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)