Germ van der Burg 2e De Wijk

24 mrt 2008 - 19:12
  • Germ van der Burg twadde yn De Wijk

Germ_van_der_Burg fan Nijlân is moandei twadde wurden yn it kritearium fan De_Wijk. Dy wedstriid oer 80 kilometer, dy't letter begûn troch de grouwe sniebuien, waard bepaald troch in kopgroep fan alve man. Yn de lêste twa rûntsjes wiene der noch fiif oer. Bert-Jan_Lindeman fan Assen wûn de einsprint mei lyts ferskil. Theo Postma fan Sweagerbosk waard fiifde.

In dei earder helle Josephine Groenveld yn Hamme ek in twadde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)