Gerjochtshôf wurdt ferboud

18 feb 2012 - 10:51

It Paleis fan Justysje wurdt flink ferboud. Yn it paleis wurde heger beropssaken behannele troch it hôf. It wurk kostet miljoenen euro's. De klimaatbehearsing wurdt oanpakt, der komt in nije yngong en der komme twa nije sittingsealen by. In nije yndieling fan de sintrale hal moat foarkomme dat slachtoffers en dieders elkoar noch tsjin komme. By de ferbouwing moat rekken hâlden wurde mei it feit dat it gebou in ryksmonumint is.

De ferbouwing duorret fjouwer moannen en begjint yn septimber. Salang siket it hôf in oar plak yn de stêd. Underhannelings dêroer ferrinne goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)