Gerjochtshôf giet digitaal

29 sep 2014 - 19:48

It Ljouwerter gerjochtshôf is wer hielendal by de tiid. Moandei is in digitale sittingsseal yn gebrûk naam. Seal B is ferboud om dêr hegerberopssaken te hâlden sûnder dokumintaasje yn dikke mappen mei papier. De riedsheren, de advokaat-generaal en de advokaat dy't de fertochten bystiet, brûke digitale ynformaasje dy't se op kompjûterskermen sjen kinne. It is ek mooglik om ienfâldich byldmateriaal sjen te litten. Ferwachte wurdt dat ynkoarten de earste digitale hegerberopssaak plakfynt.

Om goed taret te wêzen op de nije wurkwize wurdt der al in skoft oefene mei it systeem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)