Gerjochtshôf Ljouwert fuseart

28 nov 2011 - 14:21

Minister Opstelten fan justysje bliuwt by in fúzje fan de gerjochtshôven yn Ljouwert en Arnhem. Dat is moandei dúdlik wurden by in oerlis yn de Twadde Keamer. Ferskate fraksjes hawwe beswier tsjin de oankundige fúzje. Se binne bang dat in soad heger beropsaken út Fryslân yn de takomst yn Arnhem behannele wurde. Yn Ljouwert soene noch mar in pear rjochters oerbliuwe.

Minister Opstelten tinkt dat heger beropsaken earder ôfhannele wurde kinne troch de fúzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)