Gerbrandy opfolger Adema

21 nov 2012 - 21:57
  • Gemeente Achtkarspelen

Germ Gerbrandy (60) út Gau wurdt de nije boargemaster fan Achtkarspelen. De gemeenteried hat woansdeitejûn de foardracht fan de fertrouwenskommisje oernommen. Gerbrandy is no fraksjefoarsitter fan de FNP yn Súdwest-Fryslân. Hy wurdt troch de fertrouwenskommisje sjoen as de bêste kandidaat om tydlik boargemaster Piet Adema op te folgjen. Adema sit dêr sûnt juny ferline jier neidat Tjeerd van der Zwan as earste boarger ferhuze nei Hearrenfean. De minister moat no noch it definitive beslút nimme.

Gerbrandy wie earder trettjin jier wethâlder yn de gemeente Wymbritseradiel. Hy wurdt de twadde FNP-boargemaster. Theunis Piersma wie de earste. Dy moast jannewaris 2011 syn funksje dellizze doe't 'syn' gemeente Wûnseradiel opgie yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)