Gerbrandy op toer yn gemeente

13 jan 2013 - 15:47
  • Germ Gerbrandy

De nije boargemaster fan Achtkarspelen, Germ Gerbrandy, giet moandeitemiddei by alle doarpen yn syn gemeente del. Hy bellet samar by minsken oan om yn de kunde te kommen. Fierder freget er har om mei te dwaan oan it boargernetsysteem fan de plysje, wêrmei't de help fan minsken ynroppen wurdt by it oplossen fan misdriuwen. Moandei is ek de start fan boargernet yn Achtkarspelen. Gerbrandy wurdt moandeitejûn offisjeel troch kommissaris Jorritsma ynstallearre as boargemaster, yn it gemeentehûs fan Bûtenpost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)