Gerard Speerstra net nei WK

03 okt 2006 - 11:31

Turncoach Gerard Speerstra giet net mei nei de wrâldkampioenskippen turnjen yn Aarhus. Dat WK yn Denemarken begjint op 14 oktober en om dy tiid hinne wurdt Speerstra foar de twadde kear heit. De rol fan technysk adviseur fan de Feanster turncoach wurdt oernaam troch Bram van Bokhoven.

Bertus Bult fan Wikel nimt de begelieding fan de Fryske turners Epke en Herre Zonderland en Jeroen Hardon oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)