Gerard Joling net op Saailân

30 maaie 2006 - 15:19

Gerard Joling sil woansdei net optrede by de Vaatstra-manifestaasje yn Ljouwert. Dat seit in wurdfierder fan de gemeente. Yn De Telegraaf fan tiisdei wurdt skreaun dat Joling en ek Jan Smit beide optrede sille op it Saailân. Dêr wol Keamerlid Nawijn mei in manifestaasje justysje bewege ta in grut DNA-ûndersyk om de moard op Marianne Vaatstra op te lossen.

Neffens de gemeente Ljouwert is hjirby gjin sprake fan muzikale optredens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)