Gerard Boersma stjer yn VS

02 feb 2009 - 22:19
  • Ien fan de wurken fan Boersma

De Ljouwerter keunstner Gerard Boersma liket in grutte stjer te wurden yn Amearika. Boersma makket realistyske skilderijen fan stedske tafrielen. Ein jannewaris stie er mei tweintich skilderijen op in wichtige beurs yn Los_Angeles. Dêr hingje wurken fan âlde masters lykas Monet en moderne keunstners lykas Roy_Lichtenstein.

It wurk fan Boersma is sa oanslein dat er ek in útnoeging krigen hat om te eksposearjen op in beurs yn Chicago en yn New_York.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)