Geraniums by rûnwei Ljouwert del

01 feb 2006 - 11:07

Geraniums moatte de rûnwei fan Ljouwert opfleure. De gemeente krijt in soad krityk oer it oansjen fan dy dyk. It is it earste wat minsken fan bûten de stêd te sjen krije. Der komme klachten oer it túch op de dyk en Ljouwerters sizze ek dat se ûnwennich binne fan de eardere roazeperken op de rûnwei.

Dat der keazen is foar geraniums kin te krijen ha mei in persoanlike foarkar fan wethâlder Sluiter. Lannen as Frankryk hawwe as foarbyld tsjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)