Gerald Sibon definityf nei PSV

17 jun 2004 - 00:00

Gerald Sibon spilet takom seizoen definityf foar PSV. De 30-jierrige spits stie noch in jier ûnder kontrakt by SC Hearrenfean. Hy mei foar 750.000 euro fuort. Hearrenfean praat freed mei PSV oer oername fan de topskoarder fan de earste divyzje Klaas Jan Huntelaar. Dy spile it ôfrûne seizoen op hierbasis foar AGOVV.

Sibon spile ûnder oaren by FC Twente, Ajax en Sheffield Wednesday. Hy hat oardel jier by Hearrenfean spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)