Geörgyske winkeldieven oppakt

14 sep 2012 - 10:31
  • De Gordyk

De plysje hat tongersdei op De Gordyk twa Geörgiërs oanhâlden op fertinking fan stellerij yn in drogisterij. In meiwurkster fan de winkel seach dat trije manlju guod meinammen mei in spesjaal preparearre tas. Doe't de Geörgiërs seagen dat se sjoen wiene, draafden se de mei de tas de winkel út. Twa manlju draafden it lân yn, de tredde naaide út yn in auto.

In tsjûge belle de plysje. De Geörgiër yn de auto waard gau fûn en oanhâlden. Hy hie de bút by him. In oare fertochte waard oppakt oan de Hegedyk. De tredde is noch poater.

De twa oanhâlden Georgiërs waarden oerbrocht nei it plysjeburo en foar neier ûndersyk ynsletten. Ut namme fan de dupearre drogisterij is oanjefte dien foar de stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)