Genietsje fan neisimmer

30 sep 2011 - 16:57
  • Foto: Omrop Fryslân

Troch it moaie neisimmerwaar kinne in soad Friezen oan it begjin fan de hjerst dochs noch wat sinneskyn ta harren nimme. Nei de wiete, kâlde simmer jout de neisimmer dochs noch it ljocht en de waarmte dat de measte minsken sa bot mist hawwe.

De Waadeilannen binne dit wykein sa goed as folboekt. Hjir en dêr is miskien noch in plakje, mar dêr is it ek wol mei sein. De bûtenskilders kinne mei it moaie waar ek noch in hiele haal dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)