Genetyske manipulaasje ierappels

26 jun 2001 - 00:00

Minster Pronk fan VROM hâldt de komst fan in genetysk testfjild by Ropta-ZPC yn Mitselwier tsjin. It bedriuw krijt gjin fergunning omdat it kabinet risiko's foar de folkssûnens foarkomme wol.

By guon genen soe de kâns bestean dat it effekt fan antibiotika by minsken en bisten ferlern giet. Yn ús lân binne yn totaal 14 fergunnings wegere. It bedriuw Ropta-ZPC bliuwt gewoan bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)