Generaal Van Uhm pleitet by Achlumlêzing foar tsjinstplicht

17 apr 2015 - 15:39
  • Generaal Peter van Uhm

Generaal bûten tsjinst Peter van Uhm pleite freed yn de Achlumlêzing foar in maatskiplike tsjinstplicht. Neffens him moatte alle jonges en famkes in skoft wurk foar de mienskip dwaan. Dat kin yn militêre tsjinst, mar it kin ek op skoallen of yn fersoargingstehuzen.

Solidariteit yn Nederlân wie freed it tema fan de Achlumlêzing. Dy is opset troch fersekeringskonsern Achmea. Achlum is it doarp dêr't de foarrinner fan Achmea dik twahûndert jier lyn oprjochte waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)