Genee mooglik nei De Mol

19 apr 2005 - 07:14

De âld-Ljouwerter Wilfred Genee is frege foar de nije stjoerder fan John de Mol. De presintator fan it programma 'Voetbal Insite' op RTL5 is frege foar de funksje fan haad fuotbal by it sportprogramma fan De Mol.

Genee sil dize wike witte litten oft er op it oanboad yngiet, sa hat er moandei sein. Twa wike lyn tekene Genee noch in yntinsjeferklearring dat er by RTL bliuwe soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)