Gemyske stof oanspield

18 okt 2009 - 16:23

Op Skylge binne dit wykein trije konteners mei gemysk guod oanspield. It spul wurdt yn 'e gemyske yndustry brûkt tsjin skomfoarming. Yn de konteners sit goed 3000 liter fan de 'defoamer'.

De Kustwacht seit dat der gjin gefaar foar de folkssûnens en it miljeu is. Der is noch in lytse kâns dat mear sokke tanks oanspiele op 'e Waadeilannen of de Fryske kust. De Sintrale Meldpost Waadsee is te berikken op 0562-443100.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)