Gemyske flater by Douwe Egberts

16 nov 2006 - 16:06

Der drigen tongersdei sâltsoer-dampen frij te kommen op it bedriuwsterrein fan Douwe Egberts op De Jouwer. Even like it derop dat de omjouwing fan it terrein ûntromme wurde moast, mar it die letter bliken dat de driging dochs net sa slim wie.

Helptsjinsten wiene wol útrukt fanwege it ynsidint. Troch ûnbekende oarsaak wie in tank mei sâltsoer fermingd mei in tank mei leach. Dêrtroch wie in gemyske reaksje ûntstien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)