Gemser chef de mission

04 jan 2010 - 15:45

Henk Gemser fan Aldehaske is fan 't wykein offisjeel chef de mission wurden fan it nasjonaal Olympysk team. Yn febrewaris giet er mei syn ploech nei de Winterspelen yn Vancouver. By de offisjele oerdracht fan it team yn Arnhem waarden de sporters oerdroegen oan 'e 69-jierrige Fries. Dêrby waarden ek de nije Olympyske klean presintearre. Der gean foarearst 29 sporters nei de Spelen, mei de Friezen Sven Kramer, Sjinkie Knegt en Sybren Jansma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)