Gemeentlike monumintelist

08 jun 2011 - 20:49

De gemeente Weststellingwerf hat ôfrûne moanne in eigen monumintelist opsteld. Op de list steane yn totaal 66 gebouwen en objekten dy't it predikaat monumintaal krigen hawwe.

De gemeente hopet mei de list de monuminten te bewarjen foar de takomst. It is lykwols net sa dat de gebouwen net ferboud wurde meie. Se moatte krekt funksjoneel bliuwe neffens de gemeente. Foar it ûnderhâld krije de eigners subsydzje fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)