Gemeentlike gearwurking Noarden

15 des 2005 - 08:17

De noardlike gemeenten Ljouwerteradiel, Menameradiel, It Bilt en Ferwerderadiel wurkje tenei gear ûnder de namme Middelseegemeenten. Se brûke no de namme G-4, mar mei dy namme wurkje ek de fjouwer grutste gemeenten fan it lân gear. Dêrom moast in priisfrach in oare namme opleverje.

It waard Middelsee, om't de gemeenten dy see as mienskiplik erfguod ha, mar ek om de yntinsive gearwurking út te byldzjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)