Gemeentesiktaris stapt op

15 okt 2005 - 08:26

Gemeentesiktaris Schukking fan Tytjerksteradiel leit syn funksje del. Hy is it net iens mei de nije direksjestruktuer fan de gemeente.

De konstruksje fan gemeentesiktaris en twa sektordirekteuren wurdt ferfongen troch in algemien direkteur en in gemeentesiktaris dy't ek adjunkt-direkteur is. Schukking is dan net mear einferantwurdelik foar de amtlike organisaasje. Dêrom hâldt hy der mei op. Hy krijt no in oare funksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)