Gemeenteried foar bern It Bildt

27 jul 2001 - 00:00

De gemeente It Bildt organisearret yn novimber foar de tredde kear in gemeenteried foar bern. De tolve skoallen yn de gemeente dogge der oan mei. Doel is om bern sjen te litten hoe't it der om en ta giet yn de gemeentepolityk.

De bern kinne prate mei leden fan de gemeenteried oer projektfoarstellen dy't se sels betocht ha. Uteinlik wurdt ien fan de foarstellen oannaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)