Gemeentepost Amelân net by TNT

22 des 2010 - 15:53

It Amelân sil gjin gebrûk mear meitsje fan TNT-post by de fersprieding fan gemeentlike ynformaasje. No wurdt de nijsbrief mei nijs oer fergunnings troch de postboade ôflevere by de minsken thús.

De TNT-post feroaret de proseduere en no duorret it twa wiken foar't de nijsbrief by de minsken is. Dat is te lang neffens de gemeente. De brief wurdt tenei mei it hûs oan hûs blêd de Nieuwe Dockumer Courant besoarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)