Gemeenten wolle stipe Brussel

09 maaie 2012 - 22:01

De gemeente Ljouwert freget mei út namme fan 13 oare Fryske gemeenten hast 7 miljoen euro subsydzje oan Brussel, om wat oan de wurkleasheid te dwaan. Mei it jild moatte 2.100 minsken holpen wurde om wer oan it wurk te kommen.

Troch de krisis nimt de wurkleazens ta, mar it Ryk besuniget krekt op budzjetten om minsken sûnder wurk te helpen. Brussel hat foar Nederlân 50 miljoen euro beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)