Gemeenten wolle sâlt hamsterje

05 mrt 2005 - 10:14

Gemeenten út it hiele lân besykje sâlt te hamsterjen. Dat seit sâltfabryk Frisia yn Harns. De gemeenten freegje om mear sâlt as dêr't se ferlet fan ha. Frisia giet net yn op de fersiken. Rykswettersteat en de fleanbasis Ljouwert hawwe foarrang by de ferdieling fan it sâlt.

Om de fraach oan te kinnen, hat Frisia de ôfrûne dagen sâlt út Dútslân helle. Der is no foaral fraach fan bedriuwen nei lytsere pûden, foar partikulieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)