Gemeenten wolle gjin ûndersyk

01 nov 2005 - 13:20

De Fryske gemeenten wolle gjin ekstra provinsjaal ûndersyk nei harren bestjoerskrêft en besteansrjocht. Twa plannen dêrfoar, ien fan provinsjale en ien fan deputearre steaten, binne moandeitejûn op It Hearrefean fuortstimd troch de ledefergadering fan de Feriening fan Fryske Gemeenten.

De gemeenten hawwe koartlyn sels noch ûndersocht hoe't se it dogge. Mear ûndersyk is neffens de VFG foarearst net nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)