Gemeenten warber op BCD

22 mrt 2011 - 15:35

Fryske gemeenten brûke de bedriuwekontaktdagen (BCD) yn Ljouwert hieltyd mear om harsels te presintearjen. Mei 600 stands en hast 25.000 besikers binne de Fryske bedriuwekontaktdagen sa stadichoan útgroeid ta de grutste bedriuwebeurs fan it lân.

Gemeenten mar ek de provinsje meitsje gebrûk fan 'e suksesformule om nije bedriuwen oan te lûken. De nije gemeente Súdwest-Fryslân ynvestearret sels 25.000 euro ekstra yn dizze beurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)