Gemeenten ûniens oer grûnpriis

15 jan 2013 - 12:19
  • In part fan it terrein dat oergiet fan Skarsterlân nei Hearrenfean
  • De Friese Meren

De gemeenten De Friese Meren en Hearrenfean kinne it net iens wurde oer de ferkeap fan in lytse 200 bunder bedriuweterrein by Hearrenfean-West. It giet om grûn dy't no noch yn Skarsterlân leit, mar mei yngong fan jannewaris oergiet nei de gemeente Hearrenfean. De twa partijen hawwe in heal jier ûnderhannele sûnder resultaat.

De gemeenten hawwe no de provinsje frege om te bemiddeljen. Neffens wethâlder Durk Durksz fan Skarsterlân sit der in te grut gat tusken de wearde fan de grûn en wat Hearrenfean dêrfoar betelje wol.

De gemeente Hearrenfean hâldt fêst oan eigen berekkenings foar in 'ridlike kompensaasje' en befestiget dat de saak foarlein is oan de provinsje Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)