Gemeenten tsjin nije wet

24 mrt 2010 - 09:42

Frysktalige pjutteplakken kinne mei de wet yn 'e knipe komme as de Earste Keamer in wet oannimt om it Nederlânsk as fiertaal te ferplichtsjen op pjutteboartersplakken. De gemeenten Tytsjerksteradiel en Dongeradiel komme yn it gewear en hawwe de Feriening fan Fryske Gemeenten frege it Frysk as fiertaal te ferdigenjen by de polityk.

De nije wet giet op 1 augustus yn en is bedoeld om taalefterstannen by pjutten te ferhelpen foardat se nei de basisskoalle geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)