Gemeenten stjoere brief oer húshâldlike help

17 des 2014 - 14:26
  • Skjinmeitsje

Ynwenners fan Dantumadiel en Dongeradiel dy't no noch gebrûk meitsje fan húshâldlike help, krije allegear in brief oer de feroarings. Oanlieding is de útspraak fan de rjochtbank yn Grins yn de saak dy't in echtpear út Dantumadiel oanspand hie. De man en frou wienen it net iens mei it beslút fan de gemeente om de help yn hûs stop te setten sûnder dat de gemeente op de hichte wie fan de persoanlike situaasje fan it stel.

De rjochter joech it echtpear gelyk.

Dêrom skriuwe beide gemeenten no yn de brief oan de kliïnten dat se yn petear gean kinne as se it net iens binne mei it stopsetten fan de help. Yn dat petear wurdt dan sjoen nei in passende oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)